Snakkerbuorren spilet ‘Fan mûzen en mannen’

Dizze simmer sil de teaterbewurking fan it wrâldferneamde ‘Of mice and men’ fan John Steinbeck as iepenloftspul opfierd wurde yn it iepenloftteater op de Doarpstún fan Snakkerbuorren. ‘Fan mûzen en mannen’ fertelt it ferhaal fan de bysûndere freonskip tusken George en de geastlik beheinde Lennie. Jan van der Leij fan Wyns, ek belutsen as spiler, makke spesjaal foar Iepenloftspul Snakkerbuorren in Fryske oersetting fan it stik. De regy is yn hannen fan Karin Idzenga fan Snits. Sy tekene earder yn Snakkerbuorren foar de regy fan it suksesfolle ‘De dame komt’(2014). ‘Fan mûzen en mannen’ giet op woansdei 26 juny yn premjêre.

Fan mûzen en mannen

It stik spilet him ôf yn de jierren ’30 fan de foarige ieu yn Amearika. De arbeiders George en Lennie komme oan op in nije buorkerij om dêr te wurkjen. Fan harren eardere wurkplak binne se flechte om’t de geastlik beheinde Lennie fertocht wurdt fan oanranding fan in jonge frou. Lennie hâldt der nammentlik fan om sêfte bisten, foarwerpen of minsken oan te reitsjen en te aaien. Dêrby ferjit hy dan lykwols syn eigen krêft mei de nedige gefolgen. Op de nije lokaasje begjint alles goed en de grutte dream fan beide mannen om in eigen pleatske te hawwen mei gewaaks, kninen en oare bisten soe wolris útkomme kinne. Mar, hoe bot se harren bêst ek dogge, it needlot slacht ta. ‘Fan mûzen en mannen’ is rau en leafdefol, humoristysk en oangripend.

Spyldata: 26,28 en 29 juny, 3,4,5 en 6 july 2019.

Winner Gouden Gurbe 2017 foar Beste Foarstelling

Lês hjir it Juryrapport oer In See fan Lân!

 

Simone hjit yn it echt Lieke

‘In see fan lân’ is basearre op in wier bard ferhaal: de haadpersoan Simone hjit yn it echt Lieke Bömer. It ferhaal fan Lieke ferskynde in jier as wat lyn yn in ôflevering fan de rubryk ‘Lust & liefde’ yn it Volkskrant Magazine en – hoe raar kin it gean – is no te sjen as iepenloftspul by ús op de tún. Freed 14 july siet Lieke by ús op tribune. Rixt Oenema fan de Ljouwerter Krante gie mei har mei. Lês hjir it artikel:

Lêste foarstelling útferkocht!

Der bin’gjin grinzen … mar spitigernôch wol oan it tal sitplakken op ús tribune. Ek de lêste foarstelling op snein 16 july is útferkocht!


 

Sneon 15 july (ek) útferkocht

De foarstelling foar sneon 15 july is (ek) úferkocht! Allinne foar de foarstelling fan snein 16 july binne noch kaarten te krijen. Fyts as in spear nei kaarten en wês der by!

 

Resinsje Friesch Dagblad

‘In see fan lân’ soarget foar in tige nijsgjirrige jûn’: moaie resinsje yn it Friesch Dagblad! Lês ‘m hjir:

 

Resinsje Ljouwerter Krante

Fjouwer stjerren fan de Ljouwerter Krante foar In see fan lân! Lês de resinsje troch op de ôfbylding te klikken.

De foarstelling fan sneon 8 july is útferkocht

Ojeeeee! De foarstelling fan sneon 8 july is útferkocht! Sjogge wy dy op in oare jûn by ús op de tún?

De lêste repetysje foar de premjêre

Sjoch de foto’s fan de generale repetysje hjir werom. Nijsgjirrich nei it stik? Der binne noch kaarten beskikber! Graach oant sjen by ús op de tún!

Stilte foar de stoarm

Stilte foar de stoarm… De premjêre jûn is útferkocht mar foar de oare foarstellings binne noch kaarten te krijen. Gean nei kaarten en bestel fuortendaliks. Graach oant sjen by ús op de tún!