Simone hjit yn it echt Lieke

‘In see fan lân’ is basearre op in wier bard ferhaal: de haadpersoan Simone hjit yn it echt Lieke Bömer. It ferhaal fan Lieke ferskynde in jier as wat lyn yn in ôflevering fan de rubryk ‘Lust & liefde’ yn it Volkskrant Magazine en – hoe raar kin it gean – is no te sjen as iepenloftspul by ús op de tún. Freed 14 july siet Lieke by ús op tribune. Rixt Oenema fan de Ljouwerter Krante gie mei har mei. Lês hjir it artikel:

Lêste foarstelling útferkocht!

Der bin’gjin grinzen … mar spitigernôch wol oan it tal sitplakken op ús tribune. Ek de lêste foarstelling op snein 16 july is útferkocht!


 

Sneon 15 july (ek) útferkocht

De foarstelling foar sneon 15 july is (ek) úferkocht! Allinne foar de foarstelling fan snein 16 july binne noch kaarten te krijen. Fyts as in spear nei kaarten en wês der by!

 

Resinsje Friesch Dagblad

‘In see fan lân’ soarget foar in tige nijsgjirrige jûn’: moaie resinsje yn it Friesch Dagblad! Lês ‘m hjir:

 

Resinsje Ljouwerter Krante

Fjouwer stjerren fan de Ljouwerter Krante foar In see fan lân! Lês de resinsje troch op de ôfbylding te klikken.

De foarstelling fan sneon 8 july is útferkocht

Ojeeeee! De foarstelling fan sneon 8 july is útferkocht! Sjogge wy dy op in oare jûn by ús op de tún?

De lêste repetysje foar de premjêre

Sjoch de foto’s fan de generale repetysje hjir werom. Nijsgjirrich nei it stik? Der binne noch kaarten beskikber! Graach oant sjen by ús op de tún!

Stilte foar de stoarm

Stilte foar de stoarm… De premjêre jûn is útferkocht mar foar de oare foarstellings binne noch kaarten te krijen. Gean nei kaarten en bestel fuortendaliks. Graach oant sjen by ús op de tún!

Snakkerbuorren is der (hast) klear foar

Snakkerbuorren makket him op foar de foarstellings fan ‘In see fan lân’!

Premjêrefoarstelling fan 5 july útferkocht

De premjêrefoarstelling fan 5 july is útferkocht. Foar alle oare foarstellingen binne noch kaarten beskikber. Reservearje? Keap hjir in kaart. Graach oant sjen by ús op de tún!