Freed 15 july útferkocht

Der binne noch kaarten foar de foarstellings fan tongersdei 14 july en sneon 16 july!

Kaartferkeap rint dat it slydjaget

Foar de foarstellings fan tongersdei 14 july, freed 15 july en sneon 16 july binne op dit stuit (woansdei 13 july, 14.00 oere) noch inkele tsientallen kaarten beskikber. Twivelje dus net en bestel no fuortendaliks want fol=fol! Sjoch by kaarten foar it online of telefoanysk reservearjen.

Resinsje de Moanne

Don Juan: op syn hûntsjes yn de iepen loft

Troch: Elske Schotanus

Yn de santjinde iuw wie toanielskriuwer Molière syn stik Don Juan kontroversjeel, om syn frijsinnigens en om’t mei de godstsjinst de spot dreaun wurde soe. Mei’t der oer de needsaak fan it skearen fan de bikinilijn of in skamlipkorreksje praat wurdt en de ferneamde frouljusferlieder Don Juan fan in Marokkaan syn frou graach in foto wol, mar dan net ûnder sa’n tinte, is it stik yn de bewurking fan de Flaming Nathan Vecht nei de tiid fan no brocht. Kontroversjeel is it net, it publyk is wol wat wend as it giet om ferlieding en alles wat dêrút fuort komt. In jûn op de tribune fan de doarpstún fan Snakkerbuorren om nei de ferfryske ferzje te sjen, is ál sa’n jûn dat it publyk amper ophâlde kin fan laitsjen.

Lês de resinsje fierder op demoanne.nl >>>

 

 

Resinsje Leeuwarder Courant

Fjouwer stjerren fan de Ljouwerter Krante foar Don Juan. Lês de resinsje troch op de ôfbylding te klikken.

Resinsje Leeuwarder Courant

Resinsje Friesch Dagblad

Hjir de earste resinsje fan Don Juan. It Friesch Dagblad hat it oer ‘It kwea yn maatpak’. Lês it hiele artikel troch op de ôfbylding te klikken.
resinsje FD

Efter de skermen by Don Juan – It heechste wurd

Regisseur Wouter Daane hat altyd it heechste wurd. En dat heart fansels ek sa at je de ploech nei grutte hichten jeie wolle. Mar hoe is Wouter as hy him stil hâldt?

 

Don Juan by Omrop Fryslân

Fryslân is de provinsje fan de iepenloftspullen, amateurtoaniel yn de iepen loft. Yn ferskate Fryske doarpen wurkje hûnderten frijwilligers alle jierren wer spikerhurd om de moaiste stikken op de planken te bringen. Net allinne mei folwoeksenen, mar ek bern spylje har eigen iepenloftspul.

Omrop Fryslân jout dit simmerseizoen ekstra omtinken oan de iepenloftspullen. Fan de fyftjin stikken dy’t kâns meitsje op in Gouden Gurbe binne op dizze spesjale side reportaazjes te finen, ynformaasje oer de stikken en spyldata.

Besjoch de reportaazje oer Don Juan hjir.

 

Efter de skermen by Don Juan – Oan ‘e heak slein

Evelien is ien fan de hiele trits froulju dy’t troch Don Juan oan ‘e heak slein wurde … en sit der yn haadrolspiler Pieter Dirk yn it echt ek in lytse Don Juan?