Kaarten bestelle foar ien fan de foarstellings kin hiel maklik online fia dizze webside. Wolle jo lykwols leauer jo kaarten telefoanysk reservearje dan kin dat fanôf tongersdei 16 juny. Jo kinne ús dan telefoanysk berikke fan moandeis o/m freeds tusken 18.00 – 18.30 oere fia 06- 11 24 02 02. Hâldt der yn dit gefal wol rekken mei dat jo jo kaarten dan op de jûn fan de foarstelling kontant by de kassa ôfrekkenje moatte. Foar alle ynformaasje oer it bestellen fan kaarten en foarstellingsdata sjogge jo by ‘kaarten’. De foarstellingsdata fine jo ek noch ûnderoan de ‘thús’side.