Winner Gouden Gurbe 2017 foar Beste Foarstelling

Lês hjir it Juryrapport oer In See fan Lân

Oer Iepenloftspul Snakkerbuorren

De âlde kwekerij efter Oan ‘e Dyk yn it eardere túndersdoarp Snakkerbuorren hjit no ‘De Doarpstún’. It begûn allegear yn 2001 mei in tal entûsjaste doarpsbewenners/frijwilligers dy’t besleaten de eardere kwekerij op te knappen en mei de bou fan fruit, griente en blommen âlde gloarje ta nij libben te bringen. Yn in smûk skaadzjend hoekje fan de tún hawwe dyselde doarpsbewenners yn 2008 it lytste iepenloftteater fan Fryslân makke. Alle betingsten foar in iepenloftspul oer ‘lok’ wiene oanwêzich. Sa hjitte dan ek it earste iepenloftspul. Lok.

Nei ‘Lok’ yn 2008 ûntstie in jierlikse iepenloftspul-tradysje. By Skiednis hawwe wy alle iepenloftspullen fan Snakkerbuorren foar jo op in rychje setten.

Foar it jier 2018 wurdt de jierlikse tradysje lykwols efkes ferbrutsen: der is dan gjin iepenloftspul yn Snakkerbuorren. Mar, yn 2019 binne we der wer op folle sterkte! Graach oant dan.

Sjoch foar mear ynformaasje oer de Doarpstún op www.dedoarpstun.nl of kom ris del by ús op de tún. Jo binne fan herte wolkom!

Graach oant sjen by ús op de tún!

Trailer 2017

Videoregistratie